huizenstreeknieuws

OudeBildtdijk 1066 wordt gerenoveerd

Bron: Omrop Fryslân.
Goed 2 miljoen euro wurdt der utlutsen om ruchwei tsien rotte kiezzen oan de Alde Biltdyk op It Bilt oan te pakken. Mei dat jild sille guon wenten dy t al jierren fertutearze binne oankocht en opknapt wurde. Mar ek bewenners dy t sels der mei oan de slach wolle kinne subsydzje krije. Doel fan it projekt is om de leefberens op de Alde Biltdyk te ferbetterjen. Woansdei waard uteinsetten mei de earste wente. It hus oan de Alde Biltdyk numer 1066 stiet al tritich jier leech en is no troch de stifting Herstel dorpen en Bildtdijken oankocht. Dy sil de wente opknappe mei help fan in boubedriuw en besykje letter wer op de merk te setten sadat it wer bewenne wurde kin. Letter moat datselde barre mei nochris njoggen wenten.